Leau mar yn my

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2011
  1. Leau mar yn my -:-- / 343

Do leaust yn it lok
dat jild dy biedt.
Mar it lok gie foarby
en it jild bisto kwyt.
Ast net winne kinst,
nim dyn ferlies.
Hast gokt mar ferlern.
Alles hat syn priis.

Ast it net fine kinst.
It paad bjuster bist.
Bleau ik der foar dy,
leau mar yn my.

Do leaust dat it libben
hjirnei fierder giet.
Leaust yn in God,
dy’t echt bestiet.
Mar as hy op in dei
dôf is foar dy.
Kom mar by my.
Ik hear nei dy.

Do leaust wat dy man
yn de krante seit.
Dat aansens it lân
it troch him better krijt.
Mar aanst op in dei
stelt hy dy teloar.
Bart net wat er sei
en bisto der ôf.

tekst Gimny Bastiaans
muzyk Adri de Boer