Hjoed is hjoed

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2011
  1. Hjoed is hjoed -:-- / 330

Wêrom sitst dêr sa oer yn,
wat der letter komt miskyn?
Letter is sa fier hjir wei.
Hjoed is hjoed, dus pluk de dei.

Wêrom tinksto toch sa swart
oer wat letter miskien bart?
No is alles geef en goed,
ík bin ommers by dy hjoed?

Wês net bang foar letter.
letter is sa fier hjir wei.
Wolst it no noch better?
Hjoed is hjoed, in hiele dei.

Kinst it sechje ek miskyn?
‘t Seit sa moai wat ik ek fyn:
Dat in mins it measte lijt
fan de angst foar wat er krijt?

‘t Hat gjin doel dat is beslist,
datst der no al sa mei sitst,
datsto âlder wurdst en bryk.
Bern, do bist sa geef as kryt.

Wês net bang foar letter.
letter is sa fier hjir wei.
Wolst it no noch better?
Hjoed is hjoed, in hiele dei.

Botox, leave noch oan ta.
Wier, ik woe dy wizer ha.
Do bist moai sa asto bist.
‘k Wol gjin plaat, ast dat mar witst.

Dus sit der mar net oer yn,
wat der letter komt miskyn.
Lit mar komme wat der mei.
Hjoed is hjoed, in hiele dei.

tekst Giny Bastiaans
muzyk Adri de Boer