Myn doarp

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2011
  1. Myn doarp -:-- / 302

It wennet hjir sa smûk en smout
elkenien kin elkenien.
It fielt wier eltse dei fertroud
fan my krijt it in tsien.
Elk minske oan dit plak ferbûn
wit wol wat dit betsjut.
De sfear sa goed op dizze grûn
ek al wurdt it doarp te grut.

Tûzen beamewallen
omklamje hjir it libben.
De lûden yn dit wâldenlân
binn’ fan kei, skiep en ljippen.
Hânnel yn de Buorren
de grienteboer, de slagterij.
Bakker Bouma’s bôlekuorren
ridend nei in buorkerij.

Alles dêr’t ik gek op bin
kin dit doarp my jaan.
Hjir is myn libben en myn sin
en kin ik it mei dwaan.
En as ik foar in dei as wat
bûten it doarp wat doch.
Werom komme fielt as genot
as ik de Wettertoer wer sjoch.

Alde buerten en gebouen
Meitsje it doarpse sa unyk.
In útsjoch op it fertroude
Dat fielt as smoarend ryk.
En giest it ea ferlitte,
nim mar fan my oan,
dan wolst dyn roots graach witte
do hearst by ‘t doarp gewoan.

tekst en muzyk Adri de Boer