Foar har ( Voor haar )

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2011
  1. Foar har ( Voor haar ) -:-- / 400

Sy ferstiet de keunst fan by my hearen
Yn myn lichem, yn myn tinken dêr is sy
Yn myn eagen is se, yn myn earen
Se heart en sjocht myn hiele libben mei my mei

Soms begjint se yn myn hert te sjongen
Sjoch ik nacht, sjocht sy de sinne wer opgean
En troch har fyn ik fansels de gongen
Nei de allerdjipste skat fan ús bestean

Sa allinne wol ik fierder libje
Skûljend by elkoar
En as ik âld en griis wurd, dan it leafst mei har

Sy kin al myn dreamen en myn sinnen
Al myn haast en al myn hún en (al) myn striid
As ik laitsje wit sy ek myn triennen
Dy `t dêr efter lizze yn de tiid.

Sa allinne wol ik fierder libje
Skûljend by elkoar
En as ik âld en griis wurd, dan it leafst mei har

Sy is mear as tûzen wurden sizze
Yn myn lichem, yn myn tinken dêr is sy
Mar wa wit in wûnder út te lizzen
En in wûnder draach (nim) ik mei my mei

Oersetting Sytse Broersma