Yn myn holle

Artist
Adri de Boer
  1. Yn myn holle -:-- / 237

Yn dyn holle

 

Yn dyn holle    kinsto alles

ljocht sjen yn in tsjuster bosk

striele mei dyn hânnen los

 

Do kinst wenje yn dyn dreamen

kinst as in fûgel dwaan dy ’t fljocht

do kinst de stjerren falle litte

foar wa ’t it ljocht net sjocht

 

Do kinst fjochtsje as in tiger

do kinst dûnsje mei in elf

do kinst ôfskied nimme sûnder triennen

alles giet fansels

 

Yn dyn holle kinsto alles

boppe op de wolken stean

nei de folle moanne gean

Kryst op de brekken wat mear sicht

mei dyn eagen ticht-

farre mei in loftballon

fier foarby de hoarizon

fier foarby de hoarizon

 

Yn dyn holle kinsto alles

omklamje wêr’sto bang foar bist

en alles diele watst mar kinst

Yn dyn holle kinsto alles

yn dyn kop