Skaad yn ‘e nacht
Sjoch de gekte rint mei in makser op
en de tiid tikt flot de takomst fuort
foar it iepen rút leit in iepen boek
Der ‘t de wyn fol krêft troch de siden lûkt
mar it wetter streamt foarby
en in bern dat dreamt yn my
en ik sit en sjoch en ik woe dat ik nimmen wie
gjin namme, gjin libben, gjin ferline
gjin dei hat der mear macht
as it skaad hjir yn de nacht
Gjin wurd is wier en de taal is wurch
en der is gjin wierheid noch sa fluch
sjoch de dichterhat
al gau syn nocht
want syn muze rint
mei de oandacht fuort
mar it wetter streamt foarby etc.
sjoch de dichter hat
akl gau syn nocht
want syn muze rint
mei de oandacht fuort
mar it wetter streamt foarby
en ik sit en ik sjoch, en ik woe dat ik nimmen wie
as it skaad hjir yn de nacht