Moaier mei de tiid

Artist
Adri de Boer
  1. Moaier mei de tiid -:-- / 323

Moaier mei de tiid

Do stiest fier heech boppe op de berch

tichter by dysels bist noch nea west

net bang mear foar de leechte

net bang mear om te freegjen

do fâlst net want do hâldst dy fêst

 

it hjerstljocht dat skynt helder yn dyn eagen

it hillich fjoer bisto noch lang net kwyt

lit de ferbittering  mar gean

de skiente is  der bleaun

en do wurdst moaier mei de tiid

 

do wurdts moaier,

moaier, moaier mei de tiid

ik wit net hoe’t it kin

do hast altyd in goed sin

do wurdst moaier mei de tiid

dyn wêzen net feroare

de ballast bist no kwyt

moaier mei de tiid

 

foar alles dat fergiet

sporen fan de tiid

moai hoe dy dat stiet

do hast dyn bêst net dien

om altyd mar foaroan te stean

do sjochst dysels  los fan dizze tiid

 

do wurdst moaier, moaier, moaier mei de tiid

ik wit net hoe’t it kin

by dy is het nea min

do wurdst moaier mei de tiid

gelokkich neat feroare

de rommel bist no kwyt

moaier mei de tiid