Is dit no letter

Artist
Adri de Boer/Stef Bos
  1. Is dit no letter -:-- / 330

Is it no letter

wy mochten sa graach boartsje

op it skoalplein mei in bal

wat dreame, fantaseare

wa wiene wy no hielendal?

 

Sybe waard in astronaut

en Melle miljonair

wy koenen fleane nei ús takomst ta

want ús wêzen dat lei dêr

En op skoalle sei ús master

doch jimm’e bêst  en wurkje hurd

der wurde jim allegear better fan

as it libben letter wurdt

 

Is it no letter

is it no letter, is alles better

ik woe dat ik dat sizze koe

dat ik net sa folle fragen hie

bin ik no grutter

bin ik no grutter, die grutte jonge

die’t ik doe graach wurde woe

mar net wist wat my te wachtsjen stie

is it no letter

 

Die bal die rôlet hurder no

en fierst te hurd foar my

ik kin rinne ik kin drave

mar ik kin d’r net mear by

 

It is allegear sa oars as

dat ik doe tocht dat it gie

ik begryp de wrâld noch altyd net

ik woe dat ik dat witten hie

 

Wy binn’ allegear feroare

boartsje dogge wy net mear

master, master…

fertel it ús noch mar in kear

 

is it no letter

is dit no letter, is alles better

‘k wol dat ik no sizze kin

dat ik better sjoch wa ’t ik bin

bin ik no grutter

bin ik no grutter, die grutte jonge

mei it libben fan in grutte man

ik begryp d’r faaks gjin donder fan

Is dit no letter

 

En nu is het later

Ben vader van twee dochters en een zoon

Zie de toekomst door hun ogen

Schoonheid, waanzin en oorlog

In de wereld waarin wij wonen

Maar ik blijf geloven

Heb nog steeds mijn dromen niet verraden

Niet verkankerd maar wel veranderd door de jaren

Het later losgelaten

Leef alleen nog hier en nu

Want dit is nu later, dit is no letter

En de ruimte is oneindig

Zolang je maar

Je grens verlegd

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Wy binn’ allegear feroare

boartsje dogge wy net mear

master, master…

fertel it ús noch mar in kear

 

is it no letter

is dit no letter, is alles better

‘k wol dat ik no sizze kin

dat ik better sjoch wa ’t ik bin

bin ik no grutter

bin ik no grutter, die grutte jonge

mei it libben fan in grutte man

ik begryp d’r faaks gjin donder fan

Is dit no letter

 

En nu is het later                                                              Ben vader van twee dochters en een zoon                Zie de toekomst door hun ogen                           Schoonheid, waanzin en oorlog                                        In de wereld waarin wij wonen                                        Maar ik blijf geloven                                                            Heb nog steeds mijn dromen niet verlaten                  Niet verkankerd maar wel veranderd door de jaren Het laten losgelaten                                                             Leef alleen nog hier en nu                                            Want dit is nu later                                                              En de ruimte is oneindig                                               Zolang je maar                                                                      Je grens verlegd

 

bin ik die jonge

mei it libben fan in grutte man ?

ik begryp d’r faaks gjin donder fan  !

is dit no letter

 

is it no letter