Heit

Artist
Adri de Boer
  1. Heit -:-- / 310

Heit                                    

Ik ha deselde eagen

en ik krij dyn skyn no om myn snút

eartiids wie ik driftich

eartiids wiesto driftich

mar wy hawwe úze rêst no fûn

en wy sitte neist inoar

út en troch wurdt der wat sein

foar alles watsto dochst

haw ik deselde wei belein

heit ik lykje hieltyd mear op dy

 

Ik ha deselde hânnen

en ik krij dyn tearen yn myn hûd

do hast dyn ideeën

ik ha myn ideeën

en wy swalkje yn gedachten

mar wy komme altyd thús

de wjirhied dêr ‘st om sochtst

en dy’sto eins nea fine koest

ik sykje ‘t ek mar ommenocht

we gean’ wol troch

want heit ik lykje hieltyd mear op dy

 

Wy koenen wolris knalle

en ja ik rûn soms by dy wei

mar dyn wurden

se lizze op myn lippen

en ik praat no

sa asto eartiids pratest

en ik hâld fan eltse frou

ik waard in muzikant

(en)miskien foel dy dat ôf

Mar heit ik lykje hieltyd mear  op dy

 

En do leauwst yn dyn God

dus do giest nei de himel

en ik leau hast yn neat

dus, soene w’ elkoar

nei de dea, nei de dea, ea wer fine

mar heit

ik hâldt hieltyd mear fan dy