De taal fan myn hert

Artist
Adri de Boer/Lotte Broersma
  1. De taal fan myn hert -:-- / 322

De taal fan myn hert

Sjoch de sinne kiest wer hichte  sy is in suske fan it skaad

it paad wie’k bjuster yn it tsjuster  alles kwyt en fan ‘e kaart

 

Eartiids koe ik sa goed prate mar die wurden bin’k no kwyt

en myn stim, myn stim bleau waarm kom by myn fjoer en  nim dyn tiid

 

Hear de taal fan myn hert hear de taal fan myn hert

Miskien bin ik wol wat brutsen  stikken en te let

it is de taal fan myn hert

 

Ik ha myn skaad sels ûnderút skopt myn swarte kant leit op ‘e grûn

mar de sinne hat my holpen  ik ha it bêste in my fûn

 

En de measte fan myn nukken  binne ôfsjouwd troch de tiid

yn de spegel sjoch ik lykwols immen die’t no tichter by my stiet

 

Ik sjong de taal fan myn hert  hear de taal fan myn hert

miskien klink ik wol wat brutsen (en) fan oandacht gjin ferlet

it is de taal fan myn hert

 

Ik bin ticht by of ik gean hjir wei meist fan my hâlde

of ik pas net by dy ik bin wa’t ik bin

dit is myn wrâld dit is myn stim