De rivier

Artist
Adri de Boer
  1. De rivier -:-- / 345

De rivier       

Ik fiel my thús oeral om útens

ik hâld net op, lit myn gefoel gewoan mar gean

ik kin sels myn paad wol fine

ik tôgje wetter nei de see,

ik bliuw net stean

 

ik kin swalkje, ik kin doarmje

ik bin hjir koart mar  blier

ik bin in rivier

 

En myn stream giet al ieuwen lâns kastielen         

ik stream troch de ieuwen lâns in stêd       

en oan de útein ferlies ik mysels yn de see

myn stream is dan einlings ree        

 

Ik ha in djipte fol ferhalen

ik seach de pest wol kommen en wer gean

ik ha in leafde sjoen mei blommen

en ik seach boaten mei man en mûs fergean

Wat is it stil no lâns de igge                        

wêrom nimt nimmen hjoed noch tiid

ik ha wol tiid

En myn stream giet al ieuwen lâns kastielen

ik stream troch de ieuwen lâns in stêd

en oan ‘e útein jou ik mysels oan de see

myn stream is dan einlings ree

 

Ik, ik bin in rivier

ik sleep lok en lêst mei my om

Ik, ik bin in rivier

en ik nim altyd ôfskie

want ik kom noait wer

ik kom noait werom

 

En myn stream giet al ieuwen lâns kastielen

ik stream troch de ieuwen lâns in stêd

en oan de útein ferlies ik mysels yn de see

myn stream is dan einlings ree