De macht fan de muzyk

Artist
Adri de Boer
  1. De macht fan de muzyk -:-- / 354

De macht fan de muzyk

De himel brekt

in bui fol rein

De stoarm is oer

wy binn’ altyd noch tegearre

mar it rûn hast op it ein

 

do stiest foar my

ik stean foar dy

each yn each en sûnder wurden

binn’wy sûnder it te witten

miskien al jierren meiinoar troud

 

Mar ik brek noch leaver dan te bûgjen

foar in wrâld dy’t hearre wol

dat ik fan dy hâld

as ik ja sizze soe is it sûnder wurden

sûnder wurden, sûnder tsjûgen

yn alle stilte en sa ryk

mei de macht fan de muzyk

 

De leafde streamt

fan heech nei leech

de himel en de hel

In bestean sûnder mekoar

klinkt wol dreech

 

In libbenslang

siz ik net ta

want der binn’ gjin wurden grut genôch

foar watsto fielst ofsa

                                                                                         

Ik bin gjin prins

dat jou ik ta

der binne huzen yn de wrâld

wêr ’t de leafde al ferdwûn is

om ’t ik der wenne ha

 

dus ik lit dy frij

salang ast bliuwst by my

mear fâlt my net te prizen

mei de eangst dat te ferlizen

reitsj’ ik altyd alles kwyt

 

mei de macht fan de muzyk

de leafde streamt

mei de macht fan de muzyk

do stiest foar my

mei de macht fan de muzyk

ik stean foar dy

in libbenlang