Altyd in grins
Der is altyd in wrâld dy’t wy noch net kinne
altyd in taal dy ’t wy net ferstean
In part fan ús sels wer ’t wy wat oer stinne
altyd in paad om wol yn te gean
Der is altyd noch romte ast de útein al sjoen hast
altyd in stim dy ’t fan binnen dy driuwt
altyd in wûnder net troch ús te ferklearjen
altyd bagaazje dy ’t op ‘e nij efter bliuwt
Der is altyd in liet foar wa ‘t sjonge wol
altyd in sinne mar sjocht m’ wol stean ?
altyd in wrâld dy’t wy no noch net kinne
altyd in grins, altyd in grins, om oer hinne te gean
Der is altyd wol útsicht foar wa’t hiel goed sjocht
altyd wol takomst mei in glêzen bol
altyd wol kâns om Fryslân te lêzen
altyd wol hichte op de Âldehou
Der is altyd in boat, om it waad op te gean
Altyd in kâns om de see te befarren
altyd noch minsken dy’t leauwe in leafde
altyd in libben: wannear sil it barre ?