Moaier mei de tiid
Do stiest fier, heech boppe op de berch
tichter by dysels bist noch nea west
net bang mear foar de leechte
net bang mear om te brekken
Do falst net want do hâldst dy fêst
it hjerstljocht dat skynt helder yn dyn eagen
it hillich fjoer bisto noch lang net kwyt
lit de ferbittering mar gean
de skiente úis der bleaun
en do wurdst moaier mei de tiid
do wurdst moaier , moaier moaier mei de tiid
ik wit net hoe’t it kin
do wurdts do hast altyd in goed sin
do wurdst moaier mei de tiid
dyn wêzen net feroare
de ballast bist no kwyt
moaier mei de tiid
do bist it tsjinwicht
foar alles dat fergiet
sporen fan de tiid
moai hoe ’t dy dat stiet
do hast dyn bês net dien
om altyd mar foaroan te stean
do sjochst dysels los fan dizze tiid
do wurdts moaier , moaier moaier mei de tiid
ik wit net hoe ‘t it kin
by dy is it nea min
do bist moaier, mei de tiid
gelokkich net feroare
de rommel bisto no kwyt
moaier mei de tiid
Do stiest fier, heech boppe op de berch
tichter by dysels bist noch nea west
net bang mear foar de leechte
net bang mear om te brekken
Do falst net want do hâldst dy fêst