Neat foar dy

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2005
  1. Neat foar dy -:-- / 412

Dit nûmer is ek skreaun yn opdracht fan de feriening fan ferkeersslachtoffers,
útfierd yn 2002 op de jierlikse betinking, doe yn ‘e Skâns op ‘e Gordyk.

Ik bliuw altyd by dy.
Dat hasto sein tsjin my.
En altyd by fertriet,
bin ik by dy, by dy.
Wêr bist dan no myn leaf ?
Wêr bisto dizze dei ?
Ynienen by my wei.
Neat foar dy neat foar dy.

Wy kinne alles oan,
dat hasto sein tsjin my
Wat der ek komme kin,
Ik bin by dy, by dy
Wêr bist dan no myn leaf ?
Wêr bisto dizze dei ?
Ynienen by my wei.
Neat foar dy neat foar dy.

Do hast gjin ôfskied naam
Mar jouw dan asjeblyft,
In teken of in lûd,
dat ik dy earne wit.

Ik wachtsje op dyn stap,
mar it bliuwt hertferskuorrend stil
ik sykje hieltyd dyn gesicht
tusken de minsken yn.
Ik hear nei dyn praten
yn it waaien fan ‘e wyn.
Ik leau net dat ik dy nea wer
yn myn earmen fiele sil.

Ik bliuw altyd by dy.
Dat hasto sein tsjin my.
En altyd by fertriet,
bin ik by dy, by dy.
Wêr bist dan no myn leaf ?
Wêr bisto dizze dei ?
Ynienen by my wei.
Neat foar dy neat foar dy.

tekst Giny Bastiaans
muzyk Adri de Boer