In see fan tiid

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2005
  1. In see fan tiid -:-- / 423

Yn jannewaris 2000 hawwe de harkers fan it radioprogramma ‘De Middei’ mei
Gurbe Douwstra ûnder tekstbegelieding fan Giny Bastiaans dit nûmer makke
en Adri skreau de muzyk.

Dat soe ik no graach witte wolle hjoed,
komt it mei ús yn ’t nij millennium wer goed.
Of bliuwt it libben lykas altyd hiel gewoan.
Ach nee toch. Hjoed is al wer skiednis wurden moarn.
Sille wy tiden krije sûnder grutte kwea.
Fertsjinnet dan elkenien in aardich stikje brea.
Ha wy it eindlik hân mei oarloch en gewelt.
Sil it dan wêze dat els minskenlibben telt.

Kearsang
Wy ha it helle it nij millennium wêz mar bliid.
Mei tûzen nije jieren wat in see fan tiid.
Mei tûzen nije kansen om it oars te dwaan.
En tiid genôch om wer ris wat fan wei te jaan.

Dat soe ik no graach witte wolle hjoed,
komt it mei ús yn ’t mij milennium wer goed.
Moatte wy aanst as wy de boel fersmoarge ha,
Mei elkoar emigreare nei de moanne ta
Sille wy einbeslút ferlieze fan ‘e see.
Reitsje wy hjir fiif meter ûnder N.A.P.
Meitsje wy ús yn Harns in Arke fan formaat,
om lykas Noach, te oerlibjen, mar dan op ‘t Waad.

Wy ha it helle it nij milennium wêz mar bliid.
Wat sille we mei die tûzen jieren farske tiid.
Tefreden minsken klone soe dat ek wat jaan,
om it mei de ierde, en mei ús sels wat oars te dwaan.

Dat soe ik no graach witte wolle hjoed
Komt it mei ús yn ’t nij millennium wer goed?
Ach werom net? Wy hawwe it yn ús eigen hân
Der is tiid genôch, in hiel millennium komt der oan.
Net sa te skreppen, mar it skoan oan tiid te dwaan
En wat oan dy of my of oan elkoar wei te jaan
Net altyd maile mar ek prate mei elkoar
Stean wy ris ûnferwachts by freonen foar de doar.

tekstbegelieding: Giny Bastiaans
muzyk: Adri de Boer