Gjin ferskil

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2005
  1. Gjin ferskil -:-- / 255

Blêden driuwe op ‘e wyn.
Triennen reine op myn triennen
No ’t ik wit dat ik dy nea wer fyn,
is ’t my allegear oer.

Felle kleuren giel en read,
Ferbleke yn myn grize tinzen
Yn ’t murch ta kâld mar it docht my neat
‘t is my allegear oer

Sûnder dy hat myn libben gjin sin
Gjin ferskil as ik der wol of net bin.

Lysters yn it keale hout
Hear dy fûgels no ris sjongen
Set noch eefkes troch wês net benaud
It giet allegear oer

Want sûnder dy hat it libben gjin sin
Gjin ferskil as ‘k der wol of net bin

‘k ha gjin idee hoe ’t it komt, hoe ’t it sil mei my
‘k ha gjin idee, wat ik moat, wat ik kin, sûnder dy.
‘k ha gjin idee, hoe ’t it komt, hoe ’t it fierder moat my my
‘k ha gjin idee
Want myn hert, want myn hert sit noch fol fan dy.
Kom wer by my.

tekst Jurjen v.d. Meer
muzyk Adri de Boer