Dyn kaartsje

Artist
Adi de Boer
Útjûn
2005
  1. Dyn kaartsje -:-- / 418

Ik hingje se on it reade lint, de kaartsjes fan dit jier
De wiit berype môle mei de doar wat op in kier
En by inhelder blaue loft in tsjerkje ien ‘e snie
Wat woe ik graach wat woe ik graach dat dit dyn kaartsje wie

Twa knuffelbeerkes op it iis de âlde klokkestoel
De nammen op de efterkant jouw’my in ryk gefoel
De smûke stal fan Bethlehim, it berntsaje yn it strie
Wat woe ik graach wat woe ik graach
dat dit dyn kaartsje wie

Mei kryst wachtsj’ik elke dei opnij.
It kaartsje dat ik dochs net fan dy krij.
Al sjoch ik der ek dagenlang nei út.
It hat gjin sin, dyn kaart sit der net by.

Undergeande sinne, en in fleurich krystboeket.
Al wer de bêste winsken , ja se witte hoe it heard.
Mar wat se my ek stjoere oan lok en goeie rie.
Wat woe ik graach wat woe ik graach dat dit dyn kaartsje wie

‘k woe sa graach wat fan dy hearre it allerleafste hjoed
kom as it kin by my werom en meitsje alles goed
Mei kryst wachtsj’ ik elke dei opnij
It kaartsje dat ik dochs net fan dy krij
Al sjoch ik der ek dagenlang nei út
It hat gjin sin, dyn kaart sit der net by.

tekst Jurjen van der Meer
muzyk Adri de Boer