Dei yn April

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2005
  1. Dei yn April -:-- / 405

De MKZ krisis yn 2001 wie foar hiel Nederlân in grutte klap foar de boeren.
Dit nûmer is opdroegen oan alle boeren.

Ik stie op in dei
yn it noarden fan Fryslân,
ik hearde in liet,
it lûd fan it fee,
Fan keallen yn ‘e greide,
en lamkes dy ’t geiden,
en oangeande hynders
yn ’t bûtendyks lân.

Nearne klinkt dat liet
as yn ’t noarden fan Fryslân,
nearne fynsto sa ‘n plak
seal mei himelblau dak.
Yn it grien, hieltyd oars
swart wite dekôrs.
It makke my stil
op dy dei yn april.

Ik stie op in dei
Yn it noarden fan Fryslân.
It liet wie ferdwûn,
It lûd fan it fee,
Gjin keallen yn ‘e greide.
gjin lamkes dy ’t geiden,
Of hynders dy ’t oangean
yn it bûtendyks lân.

Nearne sa stil
YAs yn ‘t noarden fan Fryslân
as it liet net mear klinkt
it lûd fan it fee
It toniel yn ‘e seal
sunder swart wyt sa keal
it makke my stil
Op dy dei yn April

Hjoed gie ik wer
Nei it noarden fan Fryslân,
en ik hearde it liet,
it lûd fan it fee,
fan keallen yn ‘e greide,
en lamkes dy ’t geiden,
En oangeande hynders
yn it bûtendyks lân.

Nearne klinkt dat liet
as yn ’t noarden fan Fryslân
nearne fynsto sa ‘n plak,
seal mei himelsblau dak
Yn it grien, hieltyd oars
swart wite dekôrs.
It makke my stil
dizze in dei yn april.

tekst Giny Bastiaans
muzyk Adri de Boer