Buorren 9

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2005
  1. Buorren 9 -:-- / 428

Sa op it earste each feroare der hjir neat.
It lytse doarp mei in pear strjitten oan ‘e feart.
De klok dy’t altyd stil stiet boppe yn ‘e toer.
De hûzen oan ‘e Buorren foar de tsjerke oer.
Dêr yn dat hûs op nûmer njoggen wennen wy.
Ik sjoch dy stean, do wachtest foar it rút op my.
De roazestrúk dy’t elk jier sa te bloeien stie
is der net mear.
It doarp is net mear wat it wie.

Sa op it earste each feroare der hjir neat.
It winkeltsje fan Gryt, en dêr de pleats fan Geart.
De skoalle libbet noch, as ik dêr hinne rin,
komme my lang ferjitten bylden yn it sin.
Ik sjoch dy stean, do wachtest by it stek op my.
Ik krij in tút en ik gean oan ‘e hân mei dy,
De roazestrúk foarby, dy’t sa te bloeien stie
is der net mear.
It doarp is net mear wat it wie.

Sa op it earste each feroare der hjir neat.
It lytse doarp mei in pear strjitten oan ‘e feart
De klok dy’t altyd stil stiet boppe yn ‘e toer.
De hûzen oan ‘e Buorren foar de tsjerke oer.
Dêr yn dat hûs op nûmer njoggen wennen wy.
Ik sjoch dy noch, do wachtest foar ít rút op my.
De roazestrúk dy’t altyd sa te bloeien stie
it is net mear.
It doarp is net mear wat it wie.

tekst Giny Bastiaans
muzyk Adri de Boer