Nim my sa

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2022
  1. Nim my sa -:-- / 0:57

Nim my sa                  oarspronklik; De Kast; Neem me zo

tekst: Sytse Broersma, Nico Outhuyse,

Syb van der Ploeg, Kees Bode, Peter van der Ploeg

oersetting: Adri de Boer

 

Miskien seachsto it yn in hiel oar perspektyf.

It rûn wer krekt wat oars, mar dat wie relatyf.

Somtiden giet dat sa.

 

Dan lûkt it ien’ en dan it oare my wer oan.

Hjoed gean ik rjochts, mar meitsj’ ik ek dy kar foar moarn?

Somtiden giet dat sa, sa giet dat dan.

 

‘k Wit net wêrom it my somtiden sa oerfalt.

Te ympulsyf, ik haw it faak genôch ferknald.

Dêr ha ‘k it smoar oer yn.

 

Mar nim my sa, lit my sa , ’t is better sa.

 

Faak yn myn libben ha‘k folslein it paad kwyt west.

Mar ’t hat, ja gek genôch, myn takomst net ferpest.

En dat fernúv’ret my.

 

Ik kin net alles, en miskien falt it dy ôf.

Mar goed, do witst no -dat ik fan dy hâld.

Want sa is it wol, sa is it wol.

 

Mar nim my sa, lit my sa, ’t is better sa.

Mar nim my sa, lit my sa, ’t is better sa.

 

Ik kin net alles, en miskien falt it dy ôf.

Mar goed, do witst no dat ik fan dy hâld.

Want sa is it wol.

 

 

Adri de Boer:                               sang en piano

Sytse Broersma:                          bas