Libje yn frijheid

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2022
  1. Libje yn frijheid -:-- / 0:58

Libje yn frijheid                  tekst:        Jurjen van der Meer

 

Elke moarn gewoan de dyk út,

skoalle, wurk, it makket neat.

Elke doar giet foar my iepen.

Neat giet hjir eins echt ferkeard.

Ik kin elkenien mar moetsje.

Ik kin oeral samar by.

 

Ik kin samar mei dy laitsje.

Mei dy skrieme mei ik ek.

Sels as alles eefkes tsjin sit,

docht gjinien hjir frjemd as gek.

Sa’n soad romte om te libjen

yn in iepen maatskippij

It is werklik hiel bysûnder.

Nederlân wat bisto frij.

 

Elke dei frij, dyn eigen frije wil.

Elke dei frij, faak stiest der net by stil.

Elke dei frij, foar dy en foar in oar.

Elke dei frij, frijheid foar elkoar.

 

Sa’n soad dingen om te kiezen,

wolst it net of wolst it wol.

Sa’n soad kânsen om te gripen.

It glês is hjir faak mear as fol.

Sa’n soad feesten om te fieren,

alle dagen wer op ‘e nij.

 

It is werklik hiel bysûnder.

Nederlân wat bisto frij.

 

 

Adri de Boer:                  sang, akoestyske slachgitaar

Sytse Broersma:             basgitaar                                                                                                             Ytzen Peterson:                   elektryske gitaren                                                                                             Richard Veltman:                     drums