It is sa as it is. tekst Adri de Boer
Alle ellinde no ta spyt,
it brocht my ta in melodij.
Wol ‘k dit ferske oan jimm’ kwyt
op dizze nuvere, frjemde dei.
De hurde stilte bûtendoar
jout romte yn myn holle.
Betocht in deuntsje foar myn koar.
Soe it mei harren sjonge wolle.
It is sa as it is.
Want as it oars wie, wie’t wol oars.
Op de A7 nostalgysk gefoel,
fan sneldyk duvels no gjin lêst.
De faasje hûndert is best cool.
Mei Co2 giet it ynienen poerbêst.
Al myn konserten lizze stil,
dus kom ik om yn nije tiid.
En sjoch ik no troch in oare bril,
hoe ’t it der yn de wrâld tagiet.
Wat der komt is lang net wis.
Mar wat der is besef ik goed,
da’k de drokte minder mis
en libje hiel wat mear yn hjoed.
Adri de Boer: sang, Hammond en akoestyske slachgitaar
Johannes Rudolphy: pedalsteelgitaar
Sytse Broersma: basgitaar/akoestyske tokkelgitaar en koarke
Lotte Broersma: koarke
Richard Veltman: drums
Ytzen Peterson : elektryske gitaren