Geandewei

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2022
  1. Geandewei -:-- / 2:00

Geandewei                          tekst   Adri de Boer/Jurjen van der Meer

 

Geandewei lear ik by,

elke dei wer opnij.

Underfyn fan moarns oant jûns,

sinneskyn, ús libbensdûns.

 

En it is goed wat ik no sjoch.

Do joust my moed, wy wolle troch.

Wat’ k by dy fyn, bringt my foarút,

as ik dy yn myn earmen slút.

 

In nij begjin, wy ha wer rêst.

Earst flintertin, mar stadich fêst.

Do fregest my: ‘Past it jûn’ ?

Ik ha by dy wer romte fûn.

 

It paad is skjin, ik libje no.

Kinn’ der wer tsjin, ’t is in kado.

Himelsblau boppe my.

Wier, ik leau yn dizze dei.

 

Adri de Boer:                   sang, Wurlitzer en akoestyske gitaar

Sytse Broersma:             kontrabas

Ytzen Peterson:              elektryske gitaren

Richard Veltman:            drums

Johannes Rudolphi:        pedalsteelgitaar