Fûgel

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2022
  1. Fûgel -:-- / 0:40

 

Fûgel                 tekst Jurjen van der Meer

 

Soms dream ik fan in fûgel,

dy’t as ik iensum bin of sa,

samar komt en by my weinimt,

alle soargen dy’t ik ha.

 

Alle lytse ûngemakjes,

alle hertsear, eltse trien

binne, as dy fûgel kaam is,

samar fuort de loft yn gien.

 

Fûgel, fûgel, fûgel kom gau wer.

 

Yn ‘e lange simmerjûnen,

yn ‘e kjeld by winterdei.

Ik besykje dy te hâlden,

mar ik sleep dy stadich wei.

 

As ik tink oan dat wat west hat,

oan dy moaie tiid mei dy,

en hoe ‘t it dêrnei misrûn,

komt dy fûgel wer by my.

 

As ‘k my hiel djip yn ‘e myt fiel,

as ik nachts dyn stimme hear,

dan bisto der om te treasten.

Leave fûgel kom gau wer.

 

 

Adri de Boer:                    sang en akoestyske gitaar

Bernhard Holtrop:          fretleaze bas

Hubert Heeringa:            basklarinet,klarinet, mûlharp en strikers

Mnnnzngvrngng:            koar