Fryslân myn thús

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2022
  1. Fryslân myn thús -:-- / 1:02

Fryslân myn thús.               tekst Giny Bastiaans

 

Wat ha ik hjir boarte, al hie ik as bern,

gjin each foar it skoan om my hinne.

No bin ik wat âlder en no kin ik sjen,

sa moai ‘t de seizoenen hjir binne.

 

Kom ik fan fierren, dan sjoch ik gelyk,

dy einleaze romte foar my.

Dy fierten, dy kimen, wat binne wy ryk!

Myn Fryslân, ik kom altyd thús, by dy.

 

Is ‘t maitiid; de kij en de lamkes yn ‘t lân,

mei dêr boppe dy machtige loften.

En simmer yn Fryslân, Ja Dan Giet It Oan!

Gjin redens, mar fytsers yn kloften!

 

Kom ik fan fierren, dan sjoch ik gelyk,

dy einleaze romte foar my.

Dy fierten, dy kimen, wat binne wy ryk!

Myn Fryslân, ik kom altyd thús, by dy.

 

De hjerst giet mei kleur oer de Wâlden te set.

En ‘t Waad is mei dize in pronkje.

Is ’t winter dan komme de izers út ‘t fet.

En sitte wy smûk mei in slokje.

 

Kom ik fan fierren, dan sjoch ik gelyk,

dy einleaze romte foar my.

Dy fierten, dy kimen, wat binne wy ryk!

Myn Fryslân, ik kom altyd thús, by dy.

 

Fan de ôfslútdyk wurch en einlings by Surch,

giet Fryslân dêr iepen foar my;

Wat ha wy de romte. Altyd frisse wyn.

Ik sykhelje nochris de skjinne lucht yn.

 

Adri de Boer:                   sang, piano, akkordeon en akoestyske gitaar

Sytse Broersma:              basgitaar, mandoline, koarke

Lotte Broersma:               koarke

Heleen Talman-Nicolai:   kornet

Richard Veltman:               drums

Ytyzen Peterson:                elektryske gitaren