Ferskes binne ferskes

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2022
  1. Ferskes binne ferskes -:-- / 2:02

Ferskes binne ferskes                    tekst Jurjen van der Meer / Adri de Boer

 

Ik sjong foar dy in ferske,

spesjaal foar dy betocht.

Ik toverje dy foar myn geast,

yn ’t moaiste sinneljocht.

Wy rinne lâns it wetter,

wurde yn ’e waarmte wei.

Dyn rokje dûnset op ’e wyn..

de leafde nimt ús mei.

 

Ik blaas in tútsje nei dy ta,

wylst ik dyn namme rop.

Do glimkest, stekst dyn hân omheech

en fangst it tútsje op.

Dyn skuon gean út, ik wachtsje,

yn in fjild fol grien en giel.

En eefkes tink ik dat ik sweef…

sa fijn as ik my fiel.

 

Ferskes binne ferskes, mar dit ferske is foar dy.

Ferskes binne ferskes, ek al bist net mear by my.

 

It reint no al in wike,

‘k doch de gerdinen ticht.

’t Is stil yn hûs en tsjuster,

ynstee fan ljocht en licht.

Dan tink ik eefkes wer werom

oan wat de tiid ús brocht.

En toverj’ ik dy foar myn geast

yn ’t moaiste sinneljocht.

 

Ferskes binne ferskes, mar dit ferske is foar dy.

Ferskes binne ferskes, ek al bist net mear by my.

Ferskes binne ferskes, om’t it libben fierder giet

en ik dy net ferjitte wol, sjong ik foar dy dit liet.

Wite wolkens, blauwe loft, in flinter op in blom.

De waarmte fan in simmerdei, jouwe my dy werom.

 

Adri de Boer:                  sang, akoestyske slachgitaar

Sytse Broersma:             basgitaar                                                                                                             Ytzen Peterson:                   elektryske gitaren                                                                                             Richard Veltman:                     drums