Wy

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2001
Genre
winter-krystsfear
  1. Wy -:-- / 259

wûn mei dit liet yn 2001 it fryske sjongfestival LIET

De leafde is núver,
it is sa ’t it is.
Meastal is ’t súver,
En soms giet it mis.
Prate en laitsje
wolris te min.
As wy elkoar reitsje,
hat it wer sin

Beide ús winsken
net altyd gelyk.
Mar wol twa minsken,
tegearre unyk.
De ien is mear stil,
de oare wat drok
frijwat ferskil,
mar ek ús lok
.
Ik kin mei dy lêze,
en do mei my skriuwe.
Do bist beskieden,
en ik kin’t oerdriuwe.
Grutte ferskillen,
se komme faak foar.
En dochs kinn’ wy nea wer,
sûnder elkoar.

Ik tink yn swart wyt
It is nee of ja
myn miening stiet fêst
ik feroarje ‘m net sa .
Do list my sjen,
want ik bin wolris blyn.
dat it ek oars kin,
der krekt tuskenyn.

Ik mis soms de wurden,
of brûk se ferkeard.
Ik ha yn de jierren
mar stadichoan leard
Wat yn my omgiet
Is mear as ik sis.
Dêrom no dit liet,
dêr ‘t ik my tinzen yn lis

wy binne twa minsken
wy sille wol sjen
mar ik bin bliid
dat ik dy sa lang ken
wy winskje ús winsken
wy sille wol sjen
mar ik bin bliid
dat ik by dy bin

tekst en muzyk Adri de Boer