Krystfeestballade

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2001
Genre
winter-krystsfear
  1. Krystfeestballade -:-- / 240

Nea sil ik ea de stille freugd,
dy ’t oer dat barren lei,
ferjitte, seis wie ‘k sa ’t my heucht,
ús mem rôp my út ’t bedsje wei.
Yn ’t dimte ljocht fan oaljelamp
gien’wy oer ’t bûthúspaad.
Om kij en kjeltsjes hong in damp,
en heit’ stim klonk op út ’t skaad.

Doe stapten wy it tsjuster yn,
myn suske , ús mem en ik.
De nachtkjeld, treaun fan eastewyn
joech ús kâld in felle tik.
En boppe ús bôge it swarte swurk
mei gatsjes, lyts en fyn.
Ik seach it grutte himelwurk
mei tûzenen lampkes deryn.

Dy ljochtsjes skynden ús oer ’t paad,
Mar ien kipe der út.
Lyk stie er boppe tsjerkenaad
en Bethlehim wonk troch it rút. .
Sint Vitus galme oer it gea
en rôp mei mylde stim.
Syn klanken konken as in bea, ,
’n noegjend lûd fan bim-bam-bim. .

De Landsmans, Tolsma’s, Tjeerd Marie
Kees Tsjerkje Yfke, Homme
Jehannes, Sjoerdsje, Laas en dy,
gjinien dy ’t no fersomme.
De boer fan pôle of fan terp,
kaam yn syn brik of wein,
Lantearnen oan, hynders op skerp,
ridend nei it tsjerkeplein.

It oargel rûze troch it rom,
’t ljocht grutter as de dei.
Fetkearsen baarnden hjir rûnom
de krêbe dêr ’t bern yn lei.
De herders by har skiep yn ’t fjild
trije Hearen kamen oan.
Heechmis waard boppe ’t ierdske tilt:
Maria hie in soan.

En thús stie letter waarm en smûk
ús eigen tafel klear.
En mem har eigen bôle roek
en smakke aloan nei mear.
Us heit dy hie it melken dien,
wy songen in lofliet út.
Doe binne wy wer yn ’t bedstee gien
wy bliezen de kearskes út.