Winterskoft

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2001
Genre
winter-krystsfear
  1. Winterskoft -:-- / 413

Ea koe’k dy fertrouwe, hoe liket it foar moarn?
Op dy kin’k net mear bouwe, ha wy it hjir bedoarn?
Dyn wite winter-tekken, is al lang net west
Stjoersto us no de rekken, ha wy it hjir ferpest?

Ik wol dy witte litte, kom asjeblyft werom
Myn bern wolle ek witte, wasto bist dus kom!
Oer dy binn’hiel wat sankjes yn ’t ferline skreaun
Ik wachtsje op dy winter wer bisto no bleaun?

Wite winter kom opnij.
Liz dyn tekken as in toai,
foar it slydzjen,riderij,
as eartiids yn ‘e ploai.
Do hearst by ús ,is it net?
kom der mar wer by.
Want fan dy ha wy ferlet,
’t is sa kâld hjir sûnder dy.

wy reizigje no mei fleanmasine, derom nei dy ta
kinsto ús net mear fine? En wille mei ús ha?
kom gauw wês net mear skrúten , wachtsje mar net mear
it docht ús wer fertúten, dy te sjen yn hear en fear

Lit dy net ferlije, fal mar út ‘e loft
Dagen, wiken snije , it hiele winterskoft
Jouw us dyn krystallen, op ‘e rúten en de feart
Lit de snie mar falle , want sûnder dy is ’t neat

Tekst en muzyk: Adri de Boer/Giny Bastiaans