Snie

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2001
Genre
winter-krystsfear
  1. Snie -:-- / 226

Snie op it gers, op ‘e hage hjirfoar.
Snie op ‘e tún, op ‘e klompen foar de doar.
Snie op ‘e line, snie op it stek,
Op it paadsje efterom en op it brechje falt it ek.

It sneit mar troch, it is allegear snie.
Sa ’n wike soe min wolle dat it altyd winter wie.

Snie op it bankje, op it hokje fan ‘e knyn.
De hûn wol der út en de kat wol deryn.
Snoe op ‘e ljochtsjes hjirfoar yn ‘e beam.
Kryst en dan snije it is krekt in dream.

Hiel de wrâld is wyt,
hiel de wrâld is wyt.
Winterwrâld ik hâld fan dy ik wol dy net wer kwyt.

Tekst: Jurjen v.d. Meer
Muzyk: Adri de Boer