Maria

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2001
Genre
winter-krystsfear
  1. Maria -:-- / 337

It wie yn ‘e Krystfakânsje,
der lei snie en it wie k‰ld.
Doesto samar út de bus kaamst,
út ‘e Frambus fan Suwâld.
Do rûnst mei dyn lytse koffer
nei jim pake en beppe ta.
‘k Seach dy oan mei iepen mûle,
do wiest oars, dat wist ik sa.

Middeis kaamsto mei jim beppe
samar by ús op ‘e tee.
Koest moai mei ús Hinke boartsje,
wie dat net in goed idee.
Dat dyn wanten en dyn mûtse
waarden op ‘e kapstok lein.
Doe’st dyn jas hiel staich útdiest
wie ik ik hielendal ferslein.

Jantsje trije wie de okse, en ús mekky wie it skiep.
En it lytse berntsje Jesus lei sa lekker yn ‘e sliep.
Bijke wie in drokke ezel, dêr’st net echt in soad oan hiest.
Mar it alder aldermoaiste wie, datsto Maria wiest.

Earst wiesto noch wat ûnwennich,
dat feroare yn in dei.
Do kaamst omtrint elke middei,
en ik boarte fleurich mei.
Yn ús hutte op ‘e golle
hiene wy in prachtich plak.
Pakken strie om op te sitten,
kleden oer it linnerak

Mei de bisten om ús hinne,
wie it ien grut avontoer.
En as Hinke nei musyk moast,
bleaune wy tegearre oer.
Faak ha wy it krystspul spile,
wy tegearre, yn it strie.
En ik kin my no noch heuge,
hoe gelokkich ik doe wie.

Tekst: Jurjen v.d. Meer
Muzyk: Adri de Boer