Lyts bytsje lok

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2001
Genre
winter-krystsfear
  1. Lyts bytsje lok -:-- / 310

Hjoed ha ‘k gjin ferlet fan promoasje of rom.
Prestaasjes, relaasjes der jou ik neat om.
Ik wol hjoed gjin baan en gjin baas en gjin plicht;
hjoed hâld ik de doar nei de bûtenwrâld ticht.

‘k Wol inkeld in lyts bytsje lok, mear net.
Hjoed ha ‘k fan it gruttere lok gjin ferlet.
In lyts bytsje lok dat is wat ik hjoed wol,
In lyts bysje lok mear net.

Hjoed lizze karriere en takomst mei sljocht.
Fan stress en fan scoren ha ik skjin myn nocht.
‘k Fun net wat ik socht it wie alles omdoch.
Dan sjoch ik nei bûten, de sinne brekt troch

‘k Wol eefkes in dei net sa hastich, sa hurd.
Hjoed wol ik it lytse, hjoed hoech ik net grut.
Ik naam fan ‘e moarn mar in inkeld beslút:
Ik bliuw hjir wat sitten, te stoarjen foar ’t rút

Dat wrotten en wramen, moast ik dat no dwaan.
Om it libben wat sin en betsjutting te jaan?
Ik sjoch nei de loft en ik hoopje: miskyn
dat ik der yn it blauwe it antwurd hjoed fyn

Tekst: Giny Bastiaans
Muzyk: Adri de Boer