Altyd ûnderweis

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2001
Genre
winter-krystsfear
  1. Altyd ûnderweis -:-- / 356

De tiid glydt troch myn fingers,
Dat hâldt gjin minske tsjin.
7 Dagen yn ‘e wike
en altyd tiid te min.
En sjoch ik nei de takomst,
Dan wit ik it faak net.
As ‘k hjoed net doar te libjen,
bin ‘k moarn grif ek te let.

De spieren minder soepel,
De earste grize hier.
In lêsbril fan de Hema,
In pûn as wat te swier.
‘k Ha alles wat ik ha wol,
dochs tink ik dat ‘k wat mis.
Ik fiel my sa ûnrêstich,
Ik wit net wat dat is.

Altyd ûnderweis nei de takomst.
It libben is in fearke op ‘e wyn.
Altyd ûnderweis, in libbenslangelange reis
Wêr is it plakje dêr ‘t ik lijte fyn.

‘k Hie eartiids grutte plannen,
ik woe net yn ‘e rij.
Want “huisje, boompje, beestje,“
Nee, dat wie neat foar my.

Myn eigen koers soe ‘k farre
En neat dwaan tsjin myn sin.
Mar wêr bin ik bedarre,
Dat ik sa oan’t sykjen bin
De dreamen dy’t ik dreamde
binn’ fêstrûn yn ‘e kjeld.
De dagen dy ’t ik ferprutste
ik ha se mar net teld.
De tiid raant troch myn fingers
as lytse flokjes snie.
In doaze miste kânsen
wylst ik sa seker wie.