Krystfeest

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2001
Genre
winter-krystsfear
  1. Krystfeest -:-- / 350

De dûnkre dagen fan desimber,
dy bringe mei de kryst it ljocht.
’t Is feest mei ballen en mei slingers,
sa wurdt nei frede socht.
It skittert, glittert noait te folle,
wat grutter beam wat mear fertier.
Fersiering hinget sels op ’t húske:
ingels op twaletpapier.

Yn alle winkels klinkt de krysttune:
Santa Claus en Stille nacht.
Ceedee’s mei jingle bells en glory
Bizniz hat in grutte macht
Op it dûnkerst fan de winterdagen
Sjoch wy teevee, revu’s en soap!
Mar troch it leven en geskitter
Bringt de kryst wer nije hoap.

Op ’t alderkoartste fan de dagen
jout krysttiid wer in fijne bân.
Wy komme by elkoar en klinke
stek alle kearsen oan!
De krystman tôget mei syn pakjes
Beknibbelt ek net op in stoer
De krystdagen moat gesellich
Se binne ommers sa wer oer.

Tekst: Simy Sevenster
Muzyk: Adri de Boer