Juster

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2001
Genre
winter-krystsfear
  1. Juster -:-- / 232

Juster noch
wie de dei
seach ik nei
dy.

Hjoed is de wrâld
sa stil en kâld
stil stiet de tiid
neat beweecht.

Aansen sil miskien
hiel foarsichtich oan
’n doarke iepengean
nei it ljocht.

Dagenlang bliuwt it tsjuster,
nachtenlang is ’t sa kâld.

Bestruid oer it fjild
in tin laachje snie
jout my de treast
hope yn ’t hert.

Aansen sil miskien
hiel foarsichtich oan
’n doarke iepengean
nei it ljocht.

Juster noch
wie de dei
seach ik
nei dy.

Tekst: Simy Sevenster
Muzyk: Adri de Boer