It wurdt altyd wer kryst

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2001
Genre
winter-krystsfear
  1. It wurdt altyd wer kryst -:-- / 345

Wetter spylt yn streamen oer de rúten.
Myn rútewisser kin it amper oan.
Efter my sjoch de bern nei bûten.
De wrâld sjocht der sa tryst út fan’e moarn

Rûnom sjoch ik slipriche gesichten,
Fan fierste let noch televyzje sjen
Skier fan alle skokkende berjochten
It giet mar troch en troch op CNN

Ek al is de hjerst fol grize loften
de wr¬âld rûnom sa tsjuster en sa tryst
De ljochtsjes sille ien foar ien wer komme
Wês mar net bang: it wurd altyd wer kryst.

De radio bringt allerlêste feiten,
En stimmige muzyk de hiele dei.
Op som’bre toan wurdt it nijs foarlêzen
En ik sjoch yn ‘e spegel efter my.

Ik fang it freegjen út de bêrne-eagen.
En draai it kwea de wereld út foar hjoed.
Dan sis ik fol betrouwen yn ‘e spegel:
Echt wier hear bern, ’t komt allegear wer goed.

Wetter spielt yn streamen oer de rúten
Myn rútewisser kin it amper oan.
Efter my sjoch de bern nei bûten
De wrâld sjocht der sa tryst út fan’e moarn

Tekst: Giny Bastiaans
Muzyk: Adri de Boer