It feroaret yn ‘e strjitten, stadich falt de snie.
Ik bin al hast ferjitten, hoe griis en grau it wie.
Yn ‘e fierte smite bern, snieballen nei elkoar.
Gean op yn it boartsjen, ’t is moai bûtendoar.
Kearskes op ‘e tafel, decsmber is healwei.
Oaljebol en wafel, it heart der sa by.
De beam wurd wer helle, de pyk komt boppe-yn.
Krystferhaal fertelle ‘k jit poeiermolke yn.
Yn desimber yn desimber,
it ’t grize libben fier.
Desimber desimber, de ein fan wer in jier.
It bêste út it ferline hâldt ik ticht by my
sil oer takomst skine as in sinnedei
De iepen hurd knettert waarmte
ik smyt wat hout op ’t fjoer.
Kaartsjes op ‘e skoarstienmantel,
bringe lok en seine oer.
Binnen sjitte fonkjes,
bûten falt de snie.
Ik bin al hast ferjitten,
hoe grau en griis it wie.
Hâld fan jannewaris oant novimber,
noch wat fan de waarmte fêst fan desimber.
Jouw gjin belies oan grau en griis.
Tekst Adri de Boer/Giny Bastiaans
Muzyk: Adri de Boer