Is it winter hat in rider mar oan ien ding o sa ‘n nocht
Dat is de tocht der tochten
Kilometers garje en de redens nochris harje
Hearre nei it waarberjocht
Trije dagen fan te foaren
giet de bloeddruk al omheech
We sille ride om ‘e súd
Hiel de media wurdt knetter
fan ús hurd beferzen wetter
It wurd in hype ja absolút
Alvestêdetocht , it hiele lân wer sljocht
It sil oangean it sil heve
Alvestêdetocht ir hiele lân wer sljocht
Krij de redens foar it ljocht
Transplantaasje fan it iis
Elkenien ferstiet wer frysk
Troch ús âlvestêdetocht
Dweilorkesten rinne waarm
En fan Dokkun oant yn Starum
Poeiermolke útferkocht
Pompeblêden út de kast
In waarm ûnthaal foar eltse gast
Fan ús âlvestêdetocht
Stempelhokjes wurde slein
Kleden foar it klúnen lein
De Bonke yn it ljocht
Kearsang
Dan giet it oan kjeld hurde wyn
Gean troch it krúske slacht my blyn
Burd en earen stiif fan ’t iis
Kom ik wol foar tôlven oan
Of pas yn ‘e iere moarn
Dat krúske is in griis
tekst Adri de Boer/Giny Bastiaans
muzyk Adri de Boer