Geandewei Ioannis Theater Tsjerke Wier

Wier

Ioannis Theater Tsjerke

21 maaie 2023

It sechde solo album ‘Geandewei’ stiet sintraal yn dit muzykprogramma mar ek syn âldere wurk is fansels te hearren.
Adri sjongt al sa ’n fiifentrittich jier yn syn memmetaal en hat ferline jier foar de tredde kear yn trittich jier it sjongfestival Liet wûn en yn Maaie Fryslan fertsjinwurdiche yn Tønder -Denemarken by Liet Internatiional .
De yn Lippenhuzen wenjende trûbadoer is net mear fuort te tinken yn de Fryske muzykwrâld.
Neist eigen wurk is der ek romte foar troch himsels oersette wrâldhits út syn
programma Oer de Grins, mar ek foar syn programma ‘De Boer Sjongt Bos’ , wêr ’t hy yn seisoen 2023-2024 Stef Bos syn ferskes yn it Frysk sjongt.
Geandewei is in oanrider foar elk dy ’t in waarm hert hat foar de Frysktalige muzyk.
Geselliche ferskes wurde ôfwiksele mei ferskes dy ’t djip yn it hert reitsje.

Venue Details

Ioannis Theater Tsjerke Wier